Pankoek partij 29 maaie 2014 Jacob Klaver

Undanks dat it de dagen hjirfoar spielde, hawwe wy it dit jier droeg hâlden mei de pankoekpartij! Om 10 oere binne wy los gien. By de welpen/pupillen/skoallejongens hiene wy 5 partoer op papier, sy keatsten yn puolle ferbân dus 4x keatse. It wie in spannende keatserij, faak waard it 5 earsten geliik en wy hawwe sels in kear alles oan de hang hawn. Nei trije partijen hiene d’r 4 petoer 2x wûn en 1x ferlen dus de lêste partij makke it ferskil. Op it 2e plak eindigen Jari Visser & Hendrik Wiedijk ; op it earste plak eindigen Gjalt de Groot & Nick Visser . De familie Visser hie dus in goede dei mei beide jonges yn de priizen! Nei it keatsen noch lekker in pankoek; wat in feest!

Utslach : 1.Gjalt de Groot Nick Visser 2.Jari Visser Hendrik Wiedijk By de lytsten wienen d’r 8 keats(st)ers, wat moai út kaam foar 4 twatallen. Omdat d’r bern by wienen dy’t foar it earst meidienen, waard it begjinnersspul keatst. Dit hâldt yn dat d’r in fêste keats leit op s’n 6 meter út it perk. Dizze bern hienen mei harren 3 omlopen net hiel dreech keatsen, sadat wy al foar 12 oere wisten wa’t de earste krâns by in jeugdwedstriid fan Jacob Klaver wûn hienen. En de krâns wie foar Andries Geertsma en Hidde Wiersma. Sy ha alle 3 omlopen wûn. Foar de twadde priis wienen d’r 2 twatallen mei 15 earsten, mar Hessel Jonker en Stientje Geerstma hienen de minste earsten tsjin, dus sy gongen mei de twadde priis nei hûs. En fansels wie d’r ek foar dizze bern nei it keatsen in pankoek. Al mei al in slagge dei mei moai waar en lekker iten. Utslach: 1. Andries Geertsma Hidde Wiersma 2. Hessel Jonker Stientje Geertsma

Geplaatst op 01 June 2014